Posts

Noflike Peaskedagen!

Afbeelding
  ûnferjitlik :  Sketch uit het KRO-programma CURSIEF, 1973, met Gregor Frenkel Frank & Netty Rosenfeld. Uitgebracht op het label Mercury.

In moeting

Afbeelding
 Fannemoarn eefkes nei de supermerk yn't doarp. Om in  boadskip : 2 pûden túngrûn yn'e oanbieding en in postpakketsje ferstjoere. By it binnen kommen giet in doarpsgenoat der krekt út. De man kin ik. Skoften net sjoen en hij is no al wer mear as twa jier widner. Frou ferstoan en de bern wenje net om'e hoeke. Destiids hie hy in saak yn't doarp en letter kaam ik him tsjin op freedtejûns yn't doarpshûs. Hy wie ek lid fan de saneamde ' Herensociëteit Vriendenkring' . Dat klinkt o sa gewichtig (en dat sil destiids ek sa west ha) mar eins is it in selskip fan mannen dy't lid binne om mei inoar te skutjâssen yn't winterskoft. En dat dan ien kear om de fjirtjen dagen. Der wurdt kaarten om fleisprizen. Dat fleis komt dan ek wer fan deselde supermerk. Klear mei de boadskippen en by it fuortbringen fan de pûden túngrûn nei de auto sjoch ik myn doarpsgenoat de strjitte oerstekken. It giet stadich achter de rollator en dan giet hy oan de oare kant fan de dyk op s

De Leeuwarder Courant

Afbeelding
Sa hjit dizze krante út Fryslân. Opgroeid mei de “Ljouwerter”. Dy kaam doe noch by ús thús as middeis/jûns krante. Mei as haadredakteur Jan Piebinga . Letter Evenhuis en Noordmans ensfh. In deiblêd om te lêzen en dermei op de hichte te bliuwen fan alles wat der him ôfspyle yn de wrâld en yn en om Fryslân. Foar safier ik it noch wit ( en dat is ek sa ) sûnt de oarloch in útjefte fan “Je Maintiendrai” . No better koe net en oars hiene Jan Piebinga en syn opfolgers net foar dizze krante skreaun, nim ik mar oan. It lânskip fan de skriuwende parse leit der no hiel oars by. De LC heard no by het Mediahuis mei syn ferskate kranten en werûnder nota bene De Telegraaf...! Mar goed, it leit der no ien kear sa hinne en dan moatte jo der mar fan meitsje wat goed is. En neffens my sit it mei it tinken en skriuwen fan de ferskate sjoernalisten/redakteuren wol snor. As foarbyld hjoed Irene Overduin yn “COMMENTAAR”: Spugen op de toekomst. Wat docht it my bygelyks goed dat sy, tsjin de hjoeddeis

Kever 1302 Marathon Weltmeister

Afbeelding
Alhoewol dizze Kever 1302 Marathon   Weltmeister yn 1972 it ljocht seach, moat ik der no oan tinke: Ik sjoch tillefysje nei Dútslân – Nederlân (it stiet no krekt 2-1 ) en moat no dan ek tinke oan doe, 1974 en it ferlies fan de wedstriid destiids... Myn frou kocht dizze wein ein 1974 fan in kollega fan har. Moai weintsje en ik mar tinke dat dizze auto spesjaal makke wie foar it wrâldkamioenskip fuotbal yn Dútslân... Ik haw it mar eefkes opsocht. It ferhaal is oars: “Yn 1972 ferbruts de VW Kever it rekord fan de T-Ford as de meast produsearre auto yn’e wrâld. Ta eare fan dit rekord waard in spesjale útfiering boud: de Weltmeister. De Kever Weltmeister waard allinne in koarte perioade produsearre, tusken 19 febrewaris en 31 maart 1972. Yn totaal binne der likernôch 5000-6000 stiks fan dizze spesjale Kever makke” Ien derfan wie dus fan ús. It wie in lúkse úfiering en foldie skoan.  Útsein as it frear! It heugt my noch. Op in sneontejûn, as wie it nachts?  Dat wie grif sa, nei besyk

Ingelân

Afbeelding
  Ingelân   Oer de Renault 4 sprutsen. Yn de simmer fan 1975 fierden wy ús earste fekânsje mei in stel freonen út Baarn. Karin en Richard wiene dat. Sûnt it begjin fan myn stúdzje oan de sosjale akademy “de Nijenburch” yn Baarn wie Richard ien fan myn bêste freonen. Letter kaam syn freondinne Karin der by. Dat bleau sa ek neidat wy ûs yn Dokkum ta wenjen set hiene. Wy makken it beslút om mei ús fjouweren de simmerfekânsje te hâlden yn Ingelân. Dat koe doe omdat wy fansels dy reade Renault 4 yn ús besit hiene. Dat waard in mooie reis! Twa tinten op de auto en mei de boat fan Oostende nei Dover. Ik wie de ienige mei myn riidbewiis dy’t it oandoarde om der it stjoer yn hannen te nimmen. Dy rare Ingelsken riden der fansels lofts. Fanôf de boat wie der yn de auto allinne mar omtinken foar de omjouwing mei klanken fan Oh en Oe, Sjoch dêr en wat mooi hjir! Diizze man hie it swit op`e foarholle en klamme hânnen oan it stjoer. Dat op in stuit sei ik: “ik stopje daliks hear. Op it earste en bêst

Dokkum

Afbeelding
 “Kan uit Dokkum iets goeds komen? “ spruts myn sweager doet hy hearde dat wy yn dat plak in hûs kocht hiene. In grapke fansels. Mar ek wol mei in ûndertoan fan “wa wol der no wenje?”. No ja, sein is sein, mar wy wiene o sa grutsk op ús nye wensté! Myn frou en ik krigen beide wurk as maatskiplik wurker yn Fryslân. Sy yn Burgum, ik yn Dokkum. Dat wie yn 1974. Op 4 juny yn dat jier tekenen wy by de notaris yn Dokkum de keapakte fan ûs earste keapwenning foar in bedrag fan f 70.000,-- mei in hypoteek foar itselde bedrag à 8 persint rinte foar de tiid fan 30 jier. No sa. It wie in sa neamde DoNo wenning. In kombinaasje tusken DOkkum en NOarwegen. Beneden (beton) sliepkeamers en boppe (hout) wenje .Mei útsicht oer de dyk fan it Grutdjip nei it fjild: de Harddraversdijk 11 . De ferkeapjende partij wie de Christelijke Woningbouwvereniging "Patrimonium". Doe al privatisering troch in wenningbouferiening!?  En dit alles foar in jong troud pear fan omtrint 25 jier. Ja, it gie ús,

De Tille

Afbeelding
Justerjûn yn it Oranje Bierhuis yn Ljouwert de lêzing fan myn broer bywenne. As eardere direkteur (oant 1999) fan boekhannel De Tille, foar it lêst fêstige oan it Rúterskertier, joech hy ús ynsjoch yn it wol en wee yn it bestean fan de boekhannel. Njonken de boekhannel wie hy ek útjouwer fan boeken dy’t te krijen hiene mei de Fryske kultuer. Fan in soad saken dy’t hy oanhelle hie ik fansels weet.  Ik sil op dit plak syn lêzing net werhelje. Mar syn ferhalen rekken my o sa. Tinzen, situaasjes en anekdoates makken dat ik wer op’e ny grutsk bin op ûs heit, de oprjochter fan de saak. Grutsk ek op myn beide bruorren. Sy handelden yn de geast fan ûs heit en dan mei nye ynsichten. Dêrnei in hearlik miel yn't Ethiopische restaurant Gojo yn de Weerd. Tafallich krekt tsjinoer it eardere antikwariaat fan ús broer (1939-2016). Jes Wassenaar en Ad Fahner wiisden ús nei ôfrin op de opname fan in petear mei ús broer. Mear witte oer de Tille?  Dêr is in side oan wijd op Wikipedia . Ik wit net wa

Begraffenis Navalny

Afbeelding
Nei it ferstjerren fan Aleksej Navalny ha wy ôfrûne wike it measte nys deroer sjen kinnen op TV en heard op de radio en lêzen yn'e krante: oer in moedige mem, krekt sa lang wachtsje by de finzenis oant sy it fermoarde lichem fan har soan sjen koe. In moedige widdow mei har taspraak foar it Europeeske parlemint. Widdo Joelia Navalnaja hâldt presidint Poetin ferantwurdlik foar it ferstjerren fan har man. Hja sei dizze wike net te witten hoe de autoriteiten optrede sille tsjin minsken dy by de begraffenis ôfskie fan him nimme sille. Hjoed , freed 1 maart, op it sjoernaal it yndruk meitsjend tal minsken dat yn Moskou (en ek op oare plakken) oanwêzich wie fanwege de begraffenis. En dan de wurden fan in man ( oerset troch it sjoernaa l) tjsin de mem nei ôfrin fan de begraffenis: “Hartelijk dank voor uw zoon...! ”   (Navalny siet in gevangenisstraf fan mear as tritich jier út yn in strafkamp yn it noarden fan Rusland. Navalny wie in populêre oppositiefiguur yn Rusland en wie de meast

Reedriden 3

Afbeelding
  Lit ik útein sette mei it ferfolch fan myn persoanlikke belutsenens by it reedriden.   Yn part 2 giet it oer   myn jongesjierren oant 1966. Yn augustus fan dat jier gie ik nei de kostskoalle yn Bilthoven. Dat wie nei in stikmannich mislearre skoalleprestaasjes, wêr ik letter wolris oer skriuwe sil. Dizze oergong sette myn libben op in hiel oar spoar. It wie wol wennen dêr. Ien fan de aktiviteiten, weefan ferwachte waard dat ik der oan mei dwaan soe, wie in busreiske nei earne yn Spanje. Dat seach ik alhiel net sitten. Letterlik oeren lang sitte yn in bus en dan ek noch de waarmte en benaudens opsykje? De direkteur wist fan myn belangstelling foar reedriden en betocht dat it foar my wol aardich wie om dat reiske nei Spanje te ferfangen troch in reiske Oslo. Dêr soe yn febrewaris it WK reedriden hâlden wurde. Dat gie dus oan ! Wy, de direkteur, syn adjunkt, in learling skoalgenoat (Erik Jurgens) en ik mei in fleantúch fan de KLM nei   Oslo! Noch nea flein. Noch nea yn’t bûtenlân we

Dave Brubeck - Take Five

Afbeelding
  As broekje (noch lang gjin 10 jier) hie ik it fansels net foar it sizzen hokker muzyk op de platespiler draait waard. Dat wiene dan bygelyks Rinse en Gerben. Sy gongen nei de jazzkelder oan de Voorstreek/de Kelders en hellen dêr harren ynspiraasje foar de muzyk wei.   En dat wie Jazz. Ik fûn dat wol mooi. Noch moaier wiene de bewegings dy sy derby makken.  

Sjonge 1 Com nu met Sang

Afbeelding
  Yn myn bernejierren siet ik op it jongeskoor “Com nu met Sang “  û.l.f. Piet van Ooijen. Myn broer Thys siet der al op en sa kaam it dat ek ik op woansdeimiddeis mei noch mear jonkjes achter it oargel yn de achterkeamer yn de wenning oan de Goudenregenstraat stie te sjongen fan de Heer met blijde stem. Reiskes mei de dirigent en konserten rûnom yn Fryslân. Soms ek mei it Frysk Orkest. It koorkostuum bestie út swarte skuon, grize sokken, swarte koarte broek, wyt boesgroen en swarte strik mei Com nu met Sang spjeld. Wy songen omraak. Opnames op cd, kassette as video haw ik net, derom in Youtube film. In favoryt wie Sound the Trumpet fan H.Purcel. Hjir in opname fan de Wiener Sängerknaben. Der binne oars in soad farianten te finen op Youtube. Hjirûnder nog in foarbyld: It wie mei namme ûs mem dy’t ûs mei muzyk yn’e kunde brocht. Sy lústere op de radio nei Aafje Heynis  de sopraan. Derneist hie sy it graag oer Kees Deenik de tenor. Hy koe o sa mooi sjonge en dat kaam foaral trochdat

Reedriden 2

Afbeelding
Yn Reedriden 1 giet it foaral oer myn earste en bewuste oantinkens oan't reedriden. Doe siet ik noch op de legere skoalle en ik wie 13 jier. Dernei wie it ek fertroud om fierder fan hûs te gean. By de earste mooglikheid fan fertroud iis, riden wy al gau op ûderstrûpt lân. It Kalfje ( in iisbaan achter de Grinserstrjitte )  wie al gau fertroud en even letter koe dat dan ek op de Bullevlakte .  Dat wie it stik lân tusken de Bonkefeart oant it brêgje fan de Canterlandsewei. By dy brêge is no it âlvestêdenmonumint (tegeltsjebrêge)  mei de nammen en foto's van 11-stêdenriders der op. Hjirûnder in plaatsje derfan. En as it iis oeral fertroud wie dan koene wy echt los. Oer de Bonkefeart , de Murk nei de Grutte Wielen, nei Ryptsjerk of daliks nei Âldtsjerk . As dat slagge dan koene de earst oankommen reedriders harren hântekening op de souderbalke fan it kafee fan Âldtsjerk sette. Troch in lettere brân yn it kafee binne dy no ferlern gien. De iiskoorts hie my gau goed te pakken!  As

Natuer en iepenbier bestjoer

Afbeelding
  Moarns lês ik by de kofje de LC en daliks komme wy oan'e praat. Mei joadekoek yn linkerhân en kopke rjochts derfan.Wy neame dat dan kofjepraat 'O heden'  rop ik. Ist wer sa ? It is noch slimmer as ik tocht ! Earst it skeel oer amtners harren eigen miening en protest. Kreas sein: mûle hâlde..! No dit : de LC meldt dat der Europeesk jild is foar skjin en sûner wetter by Grou. No gean oer dizze portefúlje oare deputearren as Wiersma. Mar sy set ek hjir har hakken yn’t sân. Neffens har moat dit jild (de kompinsaasje) nei de  boer. Ik soe sizzze: dat jild moat nei de natuer ! Wetterskip Fryslân ( mei ferstân fan wetter!) sil dochs noch besykje it projekt te rêden mei in masine dy’t de stikstof op lokaasje opfange kin. Byfangst fan de ynnovaasje? Hulde! Dat dit slagje mei! Tank oan WOB, de frije parse en dat ik dit skriuwe mei. Ik ha ferstân fan wetter want ik syl Gauris far ik op de Pikmar en ek wol nei Greetsiel it is in soarte fan kultuur en hja stean sa ek noch yn

Wat no wer Pieter?

Afbeelding
Dizze man kinne jimme dochs wol? Pieter Omtzigt!  Dit is in fragmint út de foto dy't hjoed yn de Leeuwarder Courant stie. Nommen neidat hy út it oerliz mei ynformateur Plasterk fuort rûn is en yn'e tsjinstauto fan de ynformateur fuort riid. Hy sil net mear oanwêzig wêze by de formaasje petearen en lit dermei eltsenien yn ûnwissigens efter. Dêrom de fraach: Wer sil hy hinne gien? En ek: hoe komt it no eins mei de formaasje?   Vertaling: Dit is een fragment uit de foto die vandaag in de Leeuwarder Courant stond. Genomen na het vertrek van Pieter Omtzigt uit het overleg met informateur Plasterk en in diens dienstauto wegrijdt.. Hij zal niet meer bij de formatie gesprekken aanwezig zijn en laat daarmee iedereen in onzekerheid achter. Vandaar de vraag: Waar gaat hij eigenlijk naartoe? En ook: hoe moet het nu verder  met de formatie?