Sjonge 1 Com nu met Sang

 

Yn myn bernejierren siet ik op it jongeskoor “Com nu met Sang “  û.l.f. Piet van Ooijen.
Myn broer Thys siet der al op en sa kaam it dat ek ik op woansdeimiddeis mei noch mear jonkjes achter it oargel yn de achterkeamer yn de wenning oan de Goudenregenstraat stie te sjongen fan de Heer met blijde stem.
Reiskes mei de dirigent en konserten rûnom yn Fryslân. Soms ek mei it Frysk Orkest.
It koorkostuum bestie út swarte skuon, grize sokken, swarte koarte broek, wyt boesgroen en swarte strik mei Com nu met Sang spjeld.
Wy songen omraak. Opnames op cd, kassette as video haw ik net, derom in Youtube film.
In favoryt wie Sound the Trumpet fan H.Purcel. Hjir in opname fan de Wiener Sängerknaben.



Der binne oars in soad farianten te finen op Youtube. Hjirûnder nog in foarbyld:


It wie mei namme ûs mem dy’t ûs mei muzyk yn’e kunde brocht. Sy lústere op de radio nei Aafje Heynis  de sopraan. Derneist hie sy it graag oer Kees Deenik de tenor. Hy koe o sa mooi sjonge en dat kaam foaral trochdat hy in Snitser wie en ja, dat wie mem ek...
Mar like goed , sy brocht de klassieke muzyk by ús yn hûs. Sy naam ús ek ek mei nei de Johannes Passie yn de Grutte Tjserke fan Ljouwert. In lange sit wie dat foar my as jonkje. En dochs ek mooi. Ik tink dat songen waard troch in koar ûnder lieding fan de dirigint Piet Post. In bekend man yn de muzykwrâld.

Dit moat ik hjir eefkes kwyt:
 Jierren letter yn desimber 1997, op de  snein neidat Piet Post stoar, moasten wy yn dyselde tsjerke sjonge mei it koar. Post soe der it oargel bespylje, mar dat koe fansels net trochgean mar der wie wol in ferfanger.
Dûmny moast it ferstjerren fan Post ôfkundigje en ferspruts him en sei: “ gister is onverwacht overleden onze broeder en organist Piest Pot..pardon, Piet Post....” 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Reedriden 1

Reedriden 2

SC Cambuur