Posts

SC Cambuur

Afbeelding
  Nou Cambuur sien laatste wedstriid in ut ouwe stadion speuld het, kan ik ut niet late om oek myn eigen herrinneringen openbaar te maken.   En dat doen ik in ut Liwwaders. In dit gefal kan dat niet anders. Op straat praatten wy stadsfries. Let maar niet oppe fouten. Ik bin inne buurt fan ut sportfeld en Cambuurstadion opgroeid. Nou gaat ut niet suseer om it foetballen self mar mear over de tied   van VV Leeuwarden en de overgang naar SC Cambuur en it stadion met sien omgeving: de minsen, ut folk in ut goede. Wij woanden anne Pasteurweg. En as ju wete wille in wat foar hús? Nou goed, dan maak ik dur in soekplaatsje fan. Want ut nummer fan it hús geef ik niet priis. It is ut hús fanút de Ruyterweg bekeken rechts ( dan krije earst rechts de Safari Supermarket ) en deurfietse, hoekje Reinier de Graafstraat en dan de tweede woaning ( goed kieke want dur mankeerd wat an). Wij hewwe daar dus woand en later (1972?) het Yde Jonker daar woand. Dat was de skaatser met sien ...

Oer Taal

Afbeelding
Oer taal. Heit, kin men sizze, wie in soarte fan “djip-frysk”. Berne yn it skûtsje De Goede Verwachting oan de kade fan Âldegea (W). Fan jongs ôf wie it Frysk syn memmetaal. Yn syn lettere jierren wie hy warber yn de Fryske kultuur. Mei “syn” taal binne wy grut brocht.   Ús mem kaam fan Snits en sy wie it “Sneekers” machtich en dat like wer o sa op it Liwwadders dat wy dan wer yn  Ljouwert op strjitte  sprutsen . Om de sirkel no daliks mar rûn te meitsjen: op skoalle en yn tsjerke wie it Nederlânsk de fiertaal. Van alle markten thuis dus! Sa no en dan wie it ek wol wer wat yngewikkeld hear. Der wie ien regel (dat fielden wy sa oan): As heit der by is, dan is it Frysk de fiertaal ! Wy skammen der ús sa no en dan ek wolris foar. Bygelyks as wy (de iene suster en de oare broers) yn tsjerke út it frysk lieteboek sjonge moasten, wylst de gemeente de tekst út “het liedboek” songen. Sa ek yn Grins yn in restaurant tsjin de kelner :”ik wol wol in kop sop!”. Wat zegt u, wie d...

Stil

Afbeelding
Stil wie it hjir. De   ôfrûne  tiid bin ik mei oare saken dwaande west: de tolvefoetsjol earst skjin meitsje, skjirje, lakke en dat dan trije kear, jol op de kop en wer itselde ritueel enfh. No sa.  In put fol wurk. Njonken dat  hie ik earlik sein ek wat in "writersblock". Hoe dat no sa komt? Lêstich te omskriuwen wat it no krekt wie. Wat mismoedig troch it hjoeddeiske klimaat (letterlik en figuurlik)! Fannemoarn wiene ferskate nysberjochten en tinzen deroer de prikkel om saken op in rygje te krijen. It haadartikel fan Kirsten van Santen yn de LC   (sjoch hjirûnder) fan hjoed brocht mei op dit paad.  Gean mar nei: Wilders syn ligery oer de asylsentra yn ús lân, GS fan Fryslân mei de rêge nei de takomst en dermei it lyts meitsjen fan ús skiednis  ( it benepen tal euros beskikber foar it betinken fan ús befrijing! ), Johan Derksen oer Habtuma de Hoop op it poadium fan it "Talpapublyk" en slimmer noch, de soargen oer de 4 maaie betinking! Gelokkich sjocht...

Noflike Peaskedagen!

Afbeelding
  ûnferjitlik :  Sketch uit het KRO-programma CURSIEF, 1973, met Gregor Frenkel Frank & Netty Rosenfeld. Uitgebracht op het label Mercury.

Samar in petear

Afbeelding
 Fannemoarn eefkes nei de supermerk yn't doarp. Om in  boadskip : 2 pûden túngrûn yn'e oanbieding en in postpakketsje ferstjoere. By it binnen kommen giet in doarpsgenoat der krekt út. De man kin ik. Skoften net sjoen en hij is no al wer mear as twa jier widner. Frou ferstoan en de bern wenje net om'e hoeke. Destiids hie hy in saak yn't doarp en letter kaam ik him tsjin op freedtejûns yn't doarpshûs. Hy wie ek lid fan de saneamde ' Herensociëteit Vriendenkring' . Dat klinkt o sa gewichtig (en dat sil destiids ek sa west ha) mar eins is it in selskip fan mannen dy't lid binne om mei inoar te skutjâssen yn't winterskoft. En dat dan ien kear om de fjirtjen dagen. Der wurdt kaarten om fleisprizen. Dat fleis komt dan ek wer fan deselde supermerk. Klear mei de boadskippen en by it fuortbringen fan de pûden túngrûn nei de auto sjoch ik myn doarpsgenoat de strjitte oerstekken. It giet stadich achter de rollator en dan giet hy oan de oare kant fan de dyk op s...

De Leeuwarder Courant

Afbeelding
Sa hjit dizze krante út Fryslân. Opgroeid mei de “Ljouwerter”. Dy kaam doe noch by ús thús as middeis/jûns krante. Mei as haadredakteur Jan Piebinga . Letter Evenhuis en Noordmans ensfh. In deiblêd om te lêzen en dermei op de hichte te bliuwen fan alles wat der him ôfspyle yn de wrâld en yn en om Fryslân. Foar safier ik it noch wit ( en dat is ek sa ) sûnt de oarloch in útjefte fan “Je Maintiendrai” . No better koe net en oars hiene Jan Piebinga en syn opfolgers net foar dizze krante skreaun, nim ik mar oan. It lânskip fan de skriuwende parse leit der no hiel oars by. De LC heard no by het Mediahuis mei syn ferskate kranten en werûnder nota bene De Telegraaf...! Mar goed, it leit der no ien kear sa hinne en dan moatte jo der mar fan meitsje wat goed is. En neffens my sit it mei it tinken en skriuwen fan de ferskate sjoernalisten/redakteuren wol snor. As foarbyld hjoed Irene Overduin yn “COMMENTAAR”: Spugen op de toekomst. Wat docht it my bygelyks goed dat sy, tsjin de hjoeddeis...

Kever 1302 Marathon Weltmeister

Afbeelding
Alhoewol dizze Kever 1302 Marathon   Weltmeister yn 1972 it ljocht seach, moat ik der no oan tinke: Ik sjoch tillefysje nei Dútslân – Nederlân (it stiet no krekt 2-1 ) en moat no dan ek tinke oan doe, 1974 en it ferlies fan de wedstriid destiids... Myn frou kocht dizze wein ein 1974 fan in kollega fan har. Moai weintsje en ik mar tinke dat dizze auto spesjaal makke wie foar it wrâldkamioenskip fuotbal yn Dútslân... Ik haw it mar eefkes opsocht. It ferhaal is oars: “Yn 1972 ferbruts de VW Kever it rekord fan de T-Ford as de meast produsearre auto yn’e wrâld. Ta eare fan dit rekord waard in spesjale útfiering boud: de Weltmeister. De Kever Weltmeister waard allinne in koarte perioade produsearre, tusken 19 febrewaris en 31 maart 1972. Yn totaal binne der likernôch 5000-6000 stiks fan dizze spesjale Kever makke” Ien derfan wie dus fan ús. It wie in lúkse úfiering en foldie skoan.  Útsein a...