Ingelân

 

Ingelân 

Oer de Renault 4 sprutsen. Yn de simmer fan 1975 fierden wy ús earste fekânsje mei in stel freonen út Baarn. Karin en Richard wiene dat. Sûnt it begjin fan myn stúdzje oan de sosjale akademy “de Nijenburch” yn Baarn wie Richard ien fan myn bêste freonen. Letter kaam syn freondinne Karin der by. Dat bleau sa ek neidat wy ûs yn Dokkum ta wenjen set hiene. Wy makken it beslút om mei ús fjouweren de simmerfekânsje te hâlden yn Ingelân. Dat koe doe omdat wy fansels dy reade Renault 4 yn ús besit hiene. Dat waard in mooie reis! Twa tinten op de auto en mei de boat fan Oostende nei Dover. Ik wie de ienige mei myn riidbewiis dy’t it oandoarde om der it stjoer yn hannen te nimmen. Dy rare Ingelsken riden der fansels lofts. Fanôf de boat wie der yn de auto allinne mar omtinken foar de omjouwing mei klanken fan Oh en Oe, Sjoch dêr en wat mooi hjir! Diizze man hie it swit op`e foarholle en klamme hânnen oan it stjoer. Dat op in stuit sei ik: “ik stopje daliks hear. Op it earste en bêste plak hjirre! ”. Doe waard it stil yn’t autootsje en wiisde de iene nei de oare in gaadlik parkearplak oan. Moast ik ek noch kieze. Wol, dêr wie plak en dat wie earne yn Dover. It parkearjen wie, ek dêr, net fergees. Richard mei it earste Ingelske muntjild nei de parkearautomaat. Wat hy der ek ynsmiet en op hokker knoppen hy ek drukte, de munten rûgelen der eltse kear wer út. In Britske man, yn Inglish style, seach ús en bliuw yn earsten wat op ôfstân, kaam tichterby en sei , de foar ús ûnferjitlike wurden: “ Welcome in the common market!, this is Ingland, it does not work..!” 
It iis wie brutsen en wy hawwe in prachtige fekânsje hân! 






Reacties

Populaire posts van deze blog

Reedriden 1

Reedriden 2

SC Cambuur