Begraffenis Navalny
Nei it ferstjerren fan Aleksej Navalny ha wy ôfrûne
wike it measte nys deroer sjen kinnen op TV en heard op de radio en lêzen yn'e krante: oer in moedige mem, krekt sa lang wachtsje by de finzenis oant sy it fermoarde
lichem fan har soan sjen koe. In moedige widdow mei har taspraak foar it
Europeeske parlemint. Widdo Joelia Navalnaja hâldt
presidint Poetin ferantwurdlik foar it ferstjerren fan har man. Hja
sei dizze wike net te witten hoe de autoriteiten optrede sille tsjin minsken dy
by de begraffenis ôfskie fan him nimme sille.
Hjoed , freed 1 maart, op it sjoernaal it yndruk meitsjend tal minsken dat yn
Moskou (en ek op oare plakken) oanwêzich wie fanwege de begraffenis. En dan de wurden
fan in man (oerset troch it sjoernaal) tjsin de mem nei ôfrin fan de
begraffenis: “Hartelijk dank voor uw zoon...! ”
(Navalny siet in gevangenisstraf fan mear
as tritich jier út yn in strafkamp yn it noarden fan Rusland. Navalny wie
in populêre oppositiefiguur yn Rusland en wie de meast
foaroansteande tsjinstander fan de Russyske presidint Vladimir Poetin. Navalny krige
de finzenisstraf ûnder oaren om't hy beskuldige waard fan it oprjochtsjen
fan in extremistische groepering.)
Reacties
Een reactie posten