Posts

Er worden posts getoond met het label de Ploeg

Grinslân op in súterige dei.

Afbeelding
Ferline wike ha wy in mooi reiske hân. It doel wie Ezinge en de stêd Grins. Nei Ezinge fanwege de útstalling "Kloeke kerken van de Ploeg" en dernei op nei de stêd Grins om Forum te besykjen. Mar deroer letter mear. Sa as sein, it waar wie mar sasa . Mar hawar,  wy sjogge it bysundere fan dit lânskip en de omjouwing yn dit part fan de provinsje Grins: plat, bochtige dykjes, grutte en lytsere boerehiemen, keale hege beammen en smûke doarpkes mei âlde tsjerken ensfh. Om 13 oere giet it museum iepen en wy binne mooi op'e tiid, sadat wy earst it doarp Ezinge besjen kinne. Wy binne hjir oars wol earder west, mar doe wenne myn broer der noch en dat is al in mooi ein tebek. Wy rûzje dat omtrint op 1970 mar dat kin ek earder as letter west ha... Nei in hapke bôlle doarre wy it oan (der stiet in hurde en roetekâlde wyn út it noardwesten) de stap te nimmen om op de wierde de tsjerketoer te besjen. Hjir wat foto's: Op it hôf fan de "wierdetsjerke"  mei yn'e fierte