Grinslân op in súterige dei.


Ferline wike ha wy in mooi reiske hân.

It doel wie Ezinge en de stêd Grins.

Nei Ezinge fanwege de útstalling "Kloeke kerken van de Ploeg" en dernei op nei de stêd Grins om Forum te besykjen.



Mar deroer letter mear.
Sa as sein, it waar wie mar sasa . Mar hawar,  wy sjogge it bysundere fan dit lânskip en de omjouwing yn dit part fan de provinsje Grins: plat, bochtige dykjes, grutte en lytsere boerehiemen, keale hege beammen en smûke doarpkes mei âlde tsjerken ensfh.

Om 13 oere giet it museum iepen en wy binne mooi op'e tiid, sadat wy earst it doarp Ezinge besjen kinne.
Wy binne hjir oars wol earder west, mar doe wenne myn broer der noch en dat is al in mooi ein tebek.
Wy rûzje dat omtrint op 1970 mar dat kin ek earder as letter west ha...
Nei in hapke bôlle doarre wy it oan (der stiet in hurde en roetekâlde wyn út it noardwesten) de stap te nimmen om op de wierde de tsjerketoer te besjen. Hjir wat foto's:










Op it hôf fan de "wierdetsjerke"  mei yn'e fierte in prachtige iisbaan. Ik woe dat der no iis lei...!







Lofts de tsjerketoer mei bijgebou en rjochts (noch) in tsjerke..


Museum Wierdenland Ezinge:

Jo treffe der in mooi ynrjochte gebou mei op dit momint twa útstallingen.
De iene giet oer alle tsjerken dyt Grins ryk is. Sy neame dat de "kloeke tsjerken". 
Foar de leden fan de Grinser  keunstnersgroep "De Ploeg" wie it plattelân mei de doarpen boppe Grins tige yn trek om te skilderjen en út te byldzjen.
Gean der marris hinne. It kin noch oant 25 maaie. Hjirûnder mar 1 foarbyld:


Derneist is der de fêste kolleksje oer it ûntstien fan it terpe- en wierdelân yn Noard Nederlân mei argeologyske fynsten.

Forum Grins


Tsja, wat moatte jo der no fan sizze? Eins allinne mar prachtig !
Wat in mânsk gebou siz. Wat in romte. En multyfunksjoneel: Biblioteek, Kursussen, films, eveneminten, berneaktiviteiten, ensfh.

Ek hiel mooi is de útstalling oer fotograaf en Grinser Chas Gerretsen


Miskien witte minsken net krekt wa't dizze man is mar hy is yn de wrâld bekind om syn foto's yn de oarlogen fan Vietnam en Cambodja. Wie by de machtsgreep yn Chili fan Pinochet en ek op de set fan Coppola’s masterlike Vietnam-film Apocalypse Now.
In macht oan foto's kinst sjen. Wat yndruk makket binne de ferhalen fan en oer him. 


De reis  wie dizze dei al like prachtig as de bestimming! Oars sein: "de muoite wurdich". Oanrieders!








Reacties

Populaire posts van deze blog

Reedriden 1

Reedriden 2

SC Cambuur