Posts

Er worden posts getoond met het label 'Herensociëteit Vriendenkring'

In moeting

Afbeelding
 Fannemoarn eefkes nei de supermerk yn't doarp. Om in  boadskip : 2 pûden túngrûn yn'e oanbieding en in postpakketsje ferstjoere. By it binnen kommen giet in doarpsgenoat der krekt út. De man kin ik. Skoften net sjoen en hij is no al wer mear as twa jier widner. Frou ferstoan en de bern wenje net om'e hoeke. Destiids hie hy in saak yn't doarp en letter kaam ik him tsjin op freedtejûns yn't doarpshûs. Hy wie ek lid fan de saneamde ' Herensociëteit Vriendenkring' . Dat klinkt o sa gewichtig (en dat sil destiids ek sa west ha) mar eins is it in selskip fan mannen dy't lid binne om mei inoar te skutjâssen yn't winterskoft. En dat dan ien kear om de fjirtjen dagen. Der wurdt kaarten om fleisprizen. Dat fleis komt dan ek wer fan deselde supermerk. Klear mei de boadskippen en by it fuortbringen fan de pûden túngrûn nei de auto sjoch ik myn doarpsgenoat de strjitte oerstekken. It giet stadich achter de rollator en dan giet hy oan de oare kant fan de dyk op s