In moeting

 Fannemoarn eefkes nei de supermerk yn't doarp. Om in  boadskip : 2 pûden túngrûn yn'e oanbieding en in postpakketsje ferstjoere. By it binnen kommen giet in doarpsgenoat der krekt út. De man kin ik. Skoften net sjoen en hij is no al wer mear as twa jier widner. Frou ferstoan en de bern wenje net om'e hoeke. Destiids hie hy in saak yn't doarp en letter kaam ik him tsjin op freedtejûns yn't doarpshûs. Hy wie ek lid fan de saneamde 'Herensociëteit Vriendenkring'. Dat klinkt o sa gewichtig (en dat sil destiids ek sa west ha) mar eins is it in selskip fan mannen dy't lid binne om mei inoar te skutjâssen yn't winterskoft. En dat dan ien kear om de fjirtjen dagen. Der wurdt kaarten om fleisprizen. Dat fleis komt dan ek wer fan deselde supermerk. Klear mei de boadskippen en by it fuortbringen fan de pûden túngrûn nei de auto sjoch ik myn doarpsgenoat de strjitte oerstekken. It giet stadich achter de rollator en dan giet hy oan de oare kant fan de dyk op syn rollator sitten. Ik kin it net litte en stap op him ôf en siz: "Eefkes útpûste? ".
En wat hy der op antwurde bin ik earlik sein ferjitten. Eefkes letter freegje ik hoe as it mei him giet?
Ach wist, it koe better, mar ja, wat moatsto oars? Troch gean, dat moat ik. Ik mis myn frou. Hie noat tinke kinnen dat ik har sa misse soe. Ik haw in hûn, der praat ik mar wat tsjin. Mar goed , ik skarrelje wat troch. Ik mis jo oars wol by it kaarten, siz ik.
Neat tocht dat ik dit sizze soe: it wurdt my op freedtejûn oars wat te let. Der kin ik net mear oer. Froeger wie it it my nea te let.
Hoe ist mei de bern? Dochter en soan wenje te fier fuort en dy sjoch ik hast nea. In pakesizzer haw ik noch nea sjoen. Ik belje wol mei harren mar siz der mar neat fan. Ik wol net ferwitend oerkomme. Sy wurde dan miskien lilk en dan sjoch ik se miskien hielendal net mear. Mar op woansdeitemiddei kaart ik wol hear. Dan hellet G. my op. Foldocht my sa op woansdei oerdei better en it is ek gesellich hear!
Sa prate wy fierder. Hy achtensantich jier, in broer fan hast santich (begjint demint te wurden) en in suster fan yn'e njoggentich. Der sit wol in skoft tusken siz! Wol mear as tweintig jier!
No, ik moat nei hûs, it wurdt my te kâld jong. Wy ha moai praten. Dat moat marris wer. Oant sjen.
En dizze moeting bliuwt hingjen, sawat de hiele dei...





Reacties

Populaire posts van deze blog

Reedriden 1

Reedriden 2

SC Cambuur