Oer Taal

Oer taal.

Heit, kin men sizze, wie in soarte fan “djip-frysk”. Berne yn it skûtsje De Goede Verwachting oan de kade fan Âldegea (W).
Fan jongs ôf wie it Frysk syn memmetaal. Yn syn lettere jierren wie hy warber yn de Fryske kultuur.
Mei “syn” taal binne wy grut brocht.  

Ús mem kaam fan Snits en sy wie it “Sneekers” machtich en dat like wer o sa op it Liwwadders dat wy dan wer yn Ljouwert op strjitte sprutsen .
Om de sirkel no daliks mar rûn te meitsjen: op skoalle en yn tsjerke wie it Nederlânsk de fiertaal.
Van alle markten thuis dus!

Sa no en dan wie it ek wol wer wat yngewikkeld hear. Der wie ien regel (dat fielden wy sa oan): As heit der by is, dan is it Frysk de fiertaal !
Wy skammen der ús sa no en dan ek wolris foar. Bygelyks as wy (de iene suster en de oare broers) yn tsjerke út it frysk lieteboek sjonge moasten, wylst de gemeente de tekst út “het liedboek” songen.
Sa ek yn Grins yn in restaurant tsjin de kelner :”ik wol wol in kop sop!”. Wat zegt u, wie de fraach.
Heit: “in kop sop bliksum!” Hy krige wat hy frege. It boadskip wie seker dúdlik oankommen...

Foar heit wie it wol wat soer dat myn suster en de jonges ferkering krigen mei oanhang dy it Frysk net machtig wiene. Dy moasten der mar oan wenne. Sa no en dan, en dat gie net fan herte, sette hy wolris wat sinnen en wurden oer ynt Nederlânsk as hy yn’e gaten hie dat it omsittend laach gjin weet hie fan wer hy it oer hie.

En dochs. Wy setten ús, myn frou en ik, te wenjen yn it doarp Jorwert. Sy gie op Fryske les by de AFUK. Heit ( en dermei myn frou) , o sa grutsk doe’t hy it diploma Frysk fan har ûnder eagen krige.

Op myn 16e gie ik nei Bilthoven. Mei it Frysk koe ik dêr gjin kant út fansels. Dat wie foar my eins ek net sa wichtig. It Hollânsk praat naam ik súver organysk oer.  

Yn’e jierren dy’t folgen seiden minsken tsjin my, as sy fan my hearden dat ik út Fryslân kaam: “Dat kunnen wij niet horen hoor!”

Doe, yn 1973, wer werom nei Fryslân. In baan yn’t maatskiplik wurk, helpferliening.
Dat betsjut mei nammen lústerje!
Dat hie ik wol leard op de sosjale akademy.
Mar, mysels sosjaal, emosjoneel en begripfol úterje yn de Fryske taal?  Dat is in oar ferhaal!
Doe eins net ienfâldig foar my !
Dat haw ik leare moatten.

No praat ik mei myn frou noch altyd Nederlânsk, mei de bern ek. As de “oanhang” (skoansoan en skoandochter) derby is gean wy oer yn't Frysk.

It is mar krekt mei wa as jo yn petear binne.
Taal is rûnom


!


Reacties

Populaire posts van deze blog

Reedriden 1

Reedriden 2

SC Cambuur