Mona


 

27 maaie 2024.

Oan Mona moast ik tinke: In soarte fan neigesetsje, it ‘toetje van Mona’.
Mona Keizer, jawis. Fan BBB.
Sy leit no ûnder fjoer fanwege har útspraken oer it , rûchwei en koart sein, gebrek oan kennis fan de  flechtlingen oer de Holocoust en joadehaat en dat moat (neffens de BBB en partners) opnommen wurde yn it program fan de yntegraasje.

Op bêd, jouns foar it sliepen, midden yn’e nacht as moarns by it wekker wurden, mei ik graag lústerje nei in podcast.
It is bytiden in sykjen nei in geskikte ôlevering op Spotify: kies ik ien oer sport, polityk, skiednis, kultuur as oer “human interest” ?.
It hinget meastentiids fan myn stimming ôf!

Goed, ik sil dêr fierder net oer útweidzje. 
Want, de fraag is, hoe kom ik no op Mona?
Holocoust as ûnderwerp by ynboargering? Liket goed idee. Is it net. De joadehaat, de moslimhaat is hjir ek rûnom. Ek by Nederlanders, ek bygelyks by Dútsers.
De ynstek by yntegraasje moat gean oer taal, kultuur, demokrasy, anti-diskriminaasje ensfh.

Myn kar is makke. Yn’e favoryten by Spotify stiet u.o. Echt Gebeurd.
Sykje mar.
Dizze kear lústerje ik nei:  
“ Afl.460, Esma Curuk, de kans van je leven.”
Har ferhaal giet oer inTurks famke en letter frou, wenjend hjir yn Nederlân. Sy mei as 11 jierrig famke net mear nei skoalle:
Sy bliuwt thûs, boartet net mei oare jonges of famkes.
Nee, sy lêst!
En hoe!
Letter troud sy mei in Turkse man en kryt by him bern. Twa famkes, 
De jonste is jierdei en sy wol, foar har 4e jierdei ,in fleurige taart foar har keapje.
Sy hat sels gjin jild en moat dat oan har man freegje.
Deroer komt rúzje: it is dochs net nedich om san djoere taart te keapjen! Helje mar ien út de supermerk!
De frou wegert dat en de man slacht har mei in brutsen noas yn’t sikehûs.

Wer better en thús rint sy letter troch de stêd en sjocht oan de Pieter Callansweg yn Amsterdam op in gebou mei grutte letters (sy kin sa njonkenlytsen o sa goed lêze) de wurden ‘Arbeidsburo’ stean.  Sy stapt nei binnen.
In meiwurker kin goed lústerje en biedet har letter in baan oan: ynteraktyf lêzen foar âlders en harren bern. Sy twifelt. Kin ik dat wol?
Se docht it!
Letter, sy is no sels beppe, wint in bersnbern de twadde priis by in foarlêswedstriid. Dik aplaus!
Nei ôfrin trakteert beppe, grutsk en mei eigen jild, op kofje mei gebak!
Dizze frou, lykas Lala Gül, hat harsels befrijd !

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Reedriden 1

Reedriden 2

SC Cambuur