Posts

Er worden posts getoond met het label Reedriden

Reedriden 1

Afbeelding
  1956 Ljouwert, Prinsetún : Seis jier bin ik. Sa no en dan op’e skouders fan ûs heit. It wachtsjen is op de finish. De earste wedstriidriders  fan de Alvestêdentocht komme der oan. It binne Jan van der Hoorn, Aad de Koning, Jeen Nauta, Maus Wijnhout & Anton Verhoeven . Mei de hânnen omheech komme sy tagelyk oer de streep. De spulrigels jouwe oan dat dit sa net mei. Mar dochs, foar my binne sy de helden fan dizze tocht!   As bern koe ik al gau aardich reedride.  Bij de hoeke Röntgenstraat /Robert Kochstraat, tsjinoer myn legere skoalle ( de Juliana van Stolbergschool ), wie in feartsje en geskikt om der te learen ús earste streken op it iis te setten. Doe noch op houtsjes fansels. Ik koe al ridlik gau selstannich op dy houtsjes út de fuotten. Reedriden waard fan no ôf oan myn sport! De iiskoarts krige mij doe al yn’e besnijing. En net allinnich as der iis lei. Nee, ik liis yn’e krante oer Henk van der Grift en lústere ek nei de radio. En ik makke in plakboek mei stikk