Kever 1302 Marathon Weltmeister


Alhoewol dizze Kever 1302 Marathon Weltmeister yn 1972 it ljocht seach, moat ik der no oan tinke: Ik sjoch tillefysje nei Dútslân – Nederlân (it stiet no krekt 2-1 ) en moat no dan ek tinke oan doe, 1974 en it ferlies fan de wedstriid destiids...

Myn frou kocht dizze wein ein 1974 fan in kollega fan har. Moai weintsje en ik mar tinke dat dizze auto spesjaal makke wie foar it wrâldkamioenskip fuotbal yn Dútslân...
Ik haw it mar eefkes opsocht.
It ferhaal is oars:
“Yn 1972 ferbruts de VW Kever it rekord fan de T-Ford as de meast produsearre auto yn’e wrâld.
Ta eare fan dit rekord waard in spesjale útfiering boud: de Weltmeister.
De Kever Weltmeister waard allinne in koarte perioade produsearre, tusken 19 febrewaris en 31 maart 1972. Yn totaal binne der likernôch 5000-6000 stiks fan dizze spesjale Kever makke”
Ien derfan wie dus fan ús.
It wie in lúkse úfiering en foldie skoan. 
Útsein as it frear!
It heugt my noch. Op in sneontejûn, as wie it nachts?  Dat wie grif sa, nei besyk oan freonen yn Ie. It wie kâld, it frear en de weromreis wie hast net te dwaan. Iis op it foarrút, skraapje en ride. Ferwaarming oan, foarrút wer beferzen. Stopje, skraapje, ride, rút beferzen, stopje ensfh..

Myn frou hat dizze auto oan’t begjin jannewaris 1979 yn har besit hân. Ús dochter wie berne, frou stoppe mei’t wurk (dat gie doe sa) en in twadde wein wie te folle fan it goede.
No binne dizze 'âldsjes' te keap foar om en de by € 25.000.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Reedriden 1

Reedriden 2

SC Cambuur