Stil




Stil wie it hjir.

De ôfrûne tiid bin ik mei oare saken dwaande west: de tolvefoetsjol earst skjin meitsje, skjirje, lakke en dat dan trije kear, jol op de kop en wer itselde ritueel enfh. No sa. 
In put fol wurk.
Njonken dat  hie ik earlik sein ek wat in "writersblock". Hoe dat no sa komt? Lêstich te omskriuwen wat it no krekt wie.
Wat mismoedig troch it hjoeddeiske klimaat (letterlik en figuurlik)!
Fannemoarn wiene ferskate nysberjochten en tinzen deroer de prikkel om saken op in rygje te krijen.
It haadartikel fan Kirsten van Santen yn de LC (sjoch hjirûnder) fan hjoed brocht mei op dit paad. 

Gean mar nei: Wilders syn ligery oer de asylsentra yn ús lân, GS fan Fryslân mei de rêge nei de takomst en dermei it lyts meitsjen fan ús skiednis  (it benepen tal euros beskikber foar it betinken fan ús befrijing!), Johan Derksen oer Habtuma de Hoop op it poadium fan it "Talpapublyk" en slimmer noch, de soargen oer de 4 maaie betinking!
Gelokkich sjocht de boargemaster fan Amsterdam foarút en wol gjin werhelling fan demonstraasjes sa as by de iepening fan it Holocaustmuseum yn Amsterdam. 

2 minuten stil bliksem!







Reacties

Populaire posts van deze blog

Reedriden 1

Reedriden 2

SC Cambuur