Dokkum

 “Kan uit Dokkum iets goeds komen? “ spruts myn sweager doet hy hearde dat wy yn dat plak in hûs kocht hiene. In grapke fansels. Mar ek wol mei in ûndertoan fan “wa wol der no wenje?”.

No ja, sein is sein, mar wy wiene o sa grutsk op ús nye wensté!
Myn frou en ik krigen beide wurk as maatskiplik wurker yn Fryslân. Sy yn Burgum, ik yn Dokkum.

Dat wie yn 1974. Op 4 juny yn dat jier tekenen wy by de notaris yn Dokkum de keapakte fan ûs earste keapwenning foar in bedrag fan f 70.000,-- mei in hypoteek foar itselde bedrag à 8 persint rinte foar de tiid fan 30 jier. No sa. It wie in sa neamde DoNo wenning. In kombinaasje tusken DOkkum en NOarwegen. Beneden (beton) sliepkeamers en boppe (hout) wenje .Mei útsicht oer de dyk fan it Grutdjip nei it fjild: de Harddraversdijk 11 .
De ferkeapjende partij wie de Christelijke Woningbouwvereniging "Patrimonium".
Doe al privatisering troch in wenningbouferiening!? 
En dit alles foar in jong troud pear fan omtrint 25 jier. Ja, it gie ús, ek yn materieel opsicht, goed!
Sa goed dat wy hiene al in (reade) Renault 4 by garaazje Rosier yn Ljouwert kocht sûnder yn’t besit te wêzen fan in riidbewiis. Der wiene wy fanút Útert mei dwaande om dat te heljen....
Jawis , ik ha dat bewiis helle. Freegje net hoe! Ach, lit ik dat dochs mar fertelle. Yn Útert wie ik dwaande mei lessen: drok ferkear dêr, ride op de rounwei yn’t spitsferkear. Trye kear mis. Yn Ljouwert soe it heve: wer mis. Doe mar steatseksamen foar de mislukkelingen en mei beheind ferstân. Op in sneontemoarn yn Ljouwert, omtrint 9 oere, moast ik my melde yn’t Europa Hotel oan’t Europaplein.
Earst stelt de eksaminator, ûnder it genot fan in bakje kofje, my gerêst en leit út hoe it eksamen ferrinne sil: earst ride en as dat goed giet meist op foar ‘nader onderzoek rijvaardigheid’, dat wol sizze in petaer, mei foar dy in plattegûn mei strjitten, krúspunten en ferkearsbuorden. Dan freget de eksaminator: “wa hat yn dizze situaasje foarrang by dit krúspunt, do riidst rjochtút en fan rjochts komt in oare auto?”. No, sei ik, ik ha gjin foarrang en stopje dus en wachtsje.  “Goed!, do hast der ferstân fan! “ sei de man . Sa gie dat en nei noch in pear oare fragen wie ik slagge! 
Nei it opheljen fan it papierke daliks nei garaazje Rosier:





Reacties

Populaire posts van deze blog

Reedriden 1

Reedriden 2

SC Cambuur