De Leeuwarder Courant
Sa hjit dizze krante út Fryslân. Opgroeid mei de “Ljouwerter”. Dy kaam doe noch by ús thús as
middeis/jûns krante. Mei as haadredakteur Jan Piebinga . Letter Evenhuis en Noordmans ensfh.
In deiblêd om te lêzen en dermei op de hichte te bliuwen fan alles wat der him ôfspyle yn de wrâld
en yn en om Fryslân. Foar safier ik it noch wit (en dat is ek sa ) sûnt de oarloch in útjefte fan “Je
Maintiendrai” . No better koe net en oars hiene Jan Piebinga en syn opfolgers net foar dizze krante
skreaun, nim ik mar oan.
It lânskip fan de skriuwende parse leit der no hiel oars by. De LC heard no by het Mediahuis mei syn
ferskate kranten en werûnder nota bene De Telegraaf...!
Mar goed, it leit der no ien kear sa hinne en dan moatte jo der mar fan meitsje wat goed is.
En neffens my sit it mei it tinken en skriuwen fan de ferskate sjoernalisten/redakteuren wol snor.
As foarbyld hjoed Irene Overduin yn “COMMENTAAR”: Spugen op de toekomst. Wat docht it my
bygelyks goed dat sy, tsjin de hjoeddeiske communis opinio yn, sa yn’t koart en helder de de finger op it seare plak leit: it hjoeddeiske polityk klimaat. Yn in pear rigels oer “Spreidingswet, Klimaatfonds,
Pensioenwet, Europese Natuur- en Hertstelwet en het Nationaal Groeifonds” makket sy dúdlik dat
foarnommen maatregels foar de takomst no op slot setten wurde. Sy seit it better as ik dat kin:
“Door er nu de stekker uit te trekken, laten de formerende vier (Wilders, VVD, NSC en BBB) zien dat ze
liever in de achteruitkijkspiegel kijken dan door een verrekijker”.
Hulde foar dit kommintaar. Mar ik soe de rest fan de radaksje fan de LC te koart dwaan as ik ek de
oare redakteuren net neame soe : Tom van der Laan, Kirsten van Santen, Maarten Pennewaard,
Elisabeth Post, Elizabeth Vogelzang, Erwin Boers, Aan Dirk van der Meulen, Sander van Werkhoven,
Geert Veldstra, Ines Jonker, Myrddin Hilbrands, Jacob Haagsma, Robert Jan Speerstra, Anne Roel van
der Meer, Doeke Sijens, Jantien de Boer en noch safolle oaren mear! En ferjit ik ek de sportredaksje
en de good old Pieter de Groot en Gurbe! Wer bin ik godsamme mei dwaande? No, sa kin’t wol wer
Reacties
Een reactie posten