Reedriden 2

Yn Reedriden 1 giet it foaral oer myn earste en bewuste oantinkens oan't reedriden.
Doe siet ik noch op de legere skoalle en ik wie 13 jier.
Dernei wie it ek fertroud om fierder fan hûs te gean.
By de earste mooglikheid fan fertroud iis, riden wy al gau op ûderstrûpt lân.
It Kalfje ( in iisbaan achter de Grinserstrjitte )  wie al gau fertroud en even letter koe dat dan ek op de Bullevlakte
Dat wie it stik lân tusken de Bonkefeart oant it brêgje fan de Canterlandsewei. By dy brêge is no it âlvestêdenmonumint (tegeltsjebrêge)  mei de nammen en foto's van 11-stêdenriders der op. Hjirûnder in plaatsje derfan.


En as it iis oeral fertroud wie dan koene wy echt los. Oer de Bonkefeart , de Murk nei de Grutte Wielen, nei Ryptsjerk of daliks nei Âldtsjerk . As dat slagge dan koene de earst oankommen reedriders harren hântekening op de souderbalke fan it kafee fan Âldtsjerk sette. Troch in lettere brân yn it kafee binne dy no ferlern gien.
De iiskoorts hie my gau goed te pakken!  Ast mar even koe: ride, ride en nochris ride. Mear wie der eins net. It reedriden hie my folslein yn'e besnijing.  Oerdeis tochten meitsje en jûns, ast in bytsje koe, op nei de  
Ljouwerter iisbaan oan de Bleekerstrjitte.
Hja moasten lid wêze fan de iisbaan om dêr ride te kinnen. Dat koste jild fansels en dêr moast ik om freegje (net myn sterkste punt) en derom earst mar besykje om der fergeefs op te slûpen .
Letter haw ik frege om in jierliks lidmaatskip.
En dat krige ik.

De redens moasten fansels ek sliept wurde. Dat koene wy net sels dwaan.
Derfoar nei "rijwielhandel" Tichelaar op de Grinserstrjitwei. 

In fraag fan de lêzer soe wêze kinne: ridest do no allinne as ek mei oaren ?
Goede fraag!
No it antwurd: ja, meastentiids alline. En sa fielde dat soms ek.

Op de iisbaan it Kalfje wiene der wol oare bern en dat wie gjin probleem, want wy riden rûntsjes fansels en dan by in stop kletsten wy wat meinoar. Dat wiene dan klasse- en buurtgenoaten. 
Mar as it op echt reedriden oankaam dan gie dat foar my te stadich en moast ik der omtinke dat ik net te hurd gie en wie it in kwesje fan wachtsjen. Faak wachtsjen. En dat wol dan net.
Ja, ik ride faak allinnich.

Letter docht bliken dat Yvonne (myn lettere frou) my al spotte troch myn styl fan riden...!!  Sy kaam der dus ek op it Kalfje en har broer wist dat ik by de femylje Dykstra hearde.
Derom past hjir dy foto. Hjir ryd ik mei in Noarske trui fan myn heit. Lekker waarm en sa fielde ik my ik ek: in bytsje Jan Uitham.



Gelokkich wie der in jonge dy't ik op it iis tsjin kaam wer ik in soad tochten mei riden haw. 
Ik wit nog wer hy wenne. Dat wie op de Grinserstrjitwei, by of nêst Sinneljocht. Ik leau dat syn namme Johan Wortman wie.
Hy koe allemachtich goed ride. En troch dizze kwallifikaasje fan myn kânt,  kinst begripe dat ik ek wol aardig ride koe. 
Mar goed, wy troffen inoar by tafal. Deselde slach fan riden.  
Wy pasten by inoar en dat fielde goed.

Wy makken gjin konkrete ôfspraken wanneer wy wer mei inoar “skaatse” soene ( wy praten in ut Luwarders met elkaar ). Gewoan nei't iten nei’t Kalfje en dan ride.
Hast alle winters wie der iis!
Offisjele toertochten riden wy hast net. It inskriuwjild wie “sonde fan it jild”.
Fan ien fan de tochten wit ik it noch: de Trynwâldentocht fan 30 km 18 jannewaris 1964 (opsocht op Schaatshistorie) ha wy mei ús beiden riden.
De medailles dyt hja by toertochten krige haw ik net bewarre. Spitich. It is net oars. Mar fan lettere tochten haw ik de medailles wol.
Ik haw op internet wol in plaatsje fûn:


Oant en mei 1966 haw ik mei Johan riden. 

En ek wol mei broer Hessel. 
Fan ien tocht wit ik dat noch: Wy setten de fyts del by kafee it “Oud Tolhuis” . Wy doarden it wol oan om oer de Bullevlakte te riden en it iis wie prachtig mar op in stuit kamen wy ûnferwacht op bomiis (sa neamden wy dat) en sakken der trochhinne fansels. Wiet oant de knibbels ta! Wy werom nei de fyts en kâld wurden troch wiete klean en skrale wyn moasten wy nei hûs fytse.

Johan Wortman fertelde my oer de drûgtraining foar it reedriden by Beeksma. Der gie ik dan ek hinne. Dat wie doe yn’e gymnastykseal fan de Keizersgrachtskoalle.
Op in gegeven momint wie der sprake fan reedriden op de nije keunstiisbaan yn Deemter. Der gie in ploegje hinne mei de bus. Dat wie Sneins. Ferduld, dat mocht fansels net. Thús wiene se (myn âldelju) grifformeard. En sa beskôgen sy it reedriden op snein as ferkeerd....!?
Al gau (augustus. 1966) gie ik nei kostskoalle en rekke ik ek it kontakt mei skoallekameraten en freonnen kwyt.
En dermei ek it konakt mei Johan.
Ik bin  noch altyd benyd nei wat der fan Johan Wortman wurden is. Wit hy dit nog? Is der immen dyt wit wa hy is, wer hy no wennet? Ik wol it tige graag witte!
Mooglik in fraag foar op it radioprogramma "Adres Onbekend" ......?!

Dat sil net gebeure: letter op de dei fan it skriuwen fan boppesteand ferhaal wol ik mear wittte oer it reedriden yn en by Ljouwert.
Ik googelje “ijsclub de IJsleeuwen” en ik kom een pdf van it jubleumboek fan dizze klup tsjin (en dat is hjir te lêzen).

En wat sjoch ik? In foto fan in ploegje reedriders, En dy is grif op de Bullevlakte nommen.
Derby de namme fan u.o. Johan Wortman. Ik lêz fierder en kom dan syn namme faker tsjin. Ik googelje noch marris op syn namme fierder. 

Dan ist skrikken.
Ik kom in rouadfertinsje tsjin: Hij is stoarn yn 2017 en it docht bliken dat hy yn Nes/Akkrum wenne hat. Ik bin der stil fan !









Reacties

Populaire posts van deze blog

Reedriden 1

SC Cambuur