Natuer en iepenbier bestjoer

 

Moarns lês ik by de kofje de LC en daliks komme wy oan'e praat.
Mei joadekoek yn linkerhân en kopke rjochts derfan.Wy neame dat dan kofjepraat
'O heden'  rop ik. Ist wer sa ? It is noch slimmer as ik tocht !
Earst it skeel oer amtners harren eigen miening en protest. Kreas sein: mûle hâlde..!
No dit : de LC meldt dat der Europeesk jild is foar skjin en sûner wetter by Grou.
No gean oer dizze portefúlje oare deputearren as Wiersma.
Mar sy set ek hjir har hakken yn’t sân. Neffens har moat dit jild (de kompinsaasje) nei de  boer. Ik soe sizzze: dat jild moat nei de natuer !
Wetterskip Fryslân ( mei ferstân fan wetter!) sil dochs noch besykje it projekt te rêden mei in masine dy’t de stikstof op lokaasje opfange kin. Byfangst fan de ynnovaasje? Hulde! Dat dit slagje mei! Tank oan WOB, de frije parse en dat ik dit skriuwe mei.

Ik ha ferstân fan wetter want ik syl
Gauris far ik op de Pikmar en ek wol nei Greetsiel
it is in soarte fan kultuur
en hja stean sa ek noch yn ferbining mei 'natuur'



Reacties

Populaire posts van deze blog

Reedriden 1

Reedriden 2

SC Cambuur