Sjonge 1 Com nu met Sang

Yn myn bernejierren siet ik op it jongeskoor “Com nu met Sang “ û.l.f. Piet van Ooijen. Myn broer Thys siet der al op en sa kaam it dat ek ik op woansdeimiddeis mei noch mear jonkjes achter it oargel yn de achterkeamer yn de wenning oan de Goudenregenstraat stie te sjongen fan de Heer met blijde stem. Reiskes mei de dirigent en konserten rûnom yn Fryslân. Soms ek mei it Frysk Orkest. It koorkostuum bestie út swarte skuon, grize sokken, swarte koarte broek, wyt boesgroen en swarte strik mei Com nu met Sang spjeld. Wy songen omraak. Opnames op cd, kassette as video haw ik net, derom in Youtube film. In favoryt wie Sound the Trumpet fan H.Purcel. Hjir in opname fan de Wiener Sängerknaben. Der binne oars in soad farianten te finen op Youtube. Hjirûnder nog in foarbyld: It wie mei namme ûs mem dy’t ûs mei muzyk yn’e kunde brocht. Sy lústere op de radio nei Aafje Heynis de sopraan. Derneist hie sy it graag oer Kees Deenik de tenor. Hy koe o sa mooi sjonge en dat kaam fo...