Reedriden 3

Lit ik útein sette mei it ferfolch fan myn persoanlikke belutsenens by it reedriden. Yn part 2 giet it oer myn jongesjierren oant 1966. Yn augustus fan dat jier gie ik nei de kostskoalle yn Bilthoven. Dat wie nei in stikmannich mislearre skoalleprestaasjes, wêr ik letter wolris oer skriuwe sil. Dizze oergong sette myn libben op in hiel oar spoar. It wie wol wennen dêr. Ien fan de aktiviteiten, weefan ferwachte waard dat ik der oan mei dwaan soe, wie in busreiske nei earne yn Spanje. Dat seach ik alhiel net sitten. Letterlik oeren lang sitte yn in bus en dan ek noch de waarmte en benaudens opsykje? De direkteur wist fan myn belangstelling foar reedriden en betocht dat it foar my wol aardich wie om dat reiske nei Spanje te ferfangen troch in reiske Oslo. Dêr soe yn febrewaris it WK reedriden hâlden wurde. Dat gie dus oan ! Wy, de direkteur, syn adjunkt, in learling skoalgenoat (Erik Jurgens) en ik mei in fleantúch fan de KLM nei Oslo! Noch nea flein. Noch n...