Posts

Reedriden 2

Afbeelding
Yn Reedriden 1 giet it foaral oer myn earste en bewuste oantinkens oan't reedriden. Doe siet ik noch op de legere skoalle en ik wie 13 jier. Dernei wie it ek fertroud om fierder fan hûs te gean. By de earste mooglikheid fan fertroud iis, riden wy al gau op ûderstrûpt lân. It Kalfje ( in iisbaan achter de Grinserstrjitte )  wie al gau fertroud en even letter koe dat dan ek op de Bullevlakte .  Dat wie it stik lân tusken de Bonkefeart oant it brêgje fan de Canterlandsewei. By dy brêge is no it âlvestêdenmonumint (tegeltsjebrêge)  mei de nammen en foto's van 11-stêdenriders der op. Hjirûnder in plaatsje derfan. En as it iis oeral fertroud wie dan koene wy echt los. Oer de Bonkefeart , de Murk nei de Grutte Wielen, nei Ryptsjerk of daliks nei Âldtsjerk . As dat slagge dan koene de earst oankommen reedriders harren hântekening op de souderbalke fan it kafee fan Âldtsjerk sette. Troch in lettere brân yn it kafee binne dy no ferlern gien. De iiskoorts hie my gau goe...

Natuer en iepenbier bestjoer

Afbeelding
  Moarns lês ik by de kofje de LC en daliks komme wy oan'e praat. Mei joadekoek yn linkerhân en kopke rjochts derfan.Wy neame dat dan kofjepraat 'O heden'  rop ik. Ist wer sa ? It is noch slimmer as ik tocht ! Earst it skeel oer amtners harren eigen miening en protest. Kreas sein: mûle hâlde..! No dit : de LC meldt dat der Europeesk jild is foar skjin en sûner wetter by Grou. No gean oer dizze portefúlje oare deputearren as Wiersma. Mar sy set ek hjir har hakken yn’t sân. Neffens har moat dit jild (de kompinsaasje) nei de  boer. Ik soe sizzze: dat jild moat nei de natuer ! Wetterskip Fryslân ( mei ferstân fan wetter!) sil dochs noch besykje it projekt te rêden mei in masine dy’t de stikstof op lokaasje opfange kin. Byfangst fan de ynnovaasje? Hulde! Dat dit slagje mei! Tank oan WOB, de frije parse en dat ik dit skriuwe mei. Ik ha ferstân fan wetter want ik syl Gauris far ik op de Pikmar en ek wol nei Greetsiel it is in soarte fan kultuur en hja stean sa ek n...

Grinslân op in súterige dei.

Afbeelding
Ferline wike ha wy in mooi reiske hân. It doel wie Ezinge en de stêd Grins. Nei Ezinge fanwege de útstalling "Kloeke kerken van de Ploeg" en dernei op nei de stêd Grins om Forum te besykjen. Mar deroer letter mear. Sa as sein, it waar wie mar sasa . Mar hawar,  wy sjogge it bysundere fan dit lânskip en de omjouwing yn dit part fan de provinsje Grins: plat, bochtige dykjes, grutte en lytsere boerehiemen, keale hege beammen en smûke doarpkes mei âlde tsjerken ensfh. Om 13 oere giet it museum iepen en wy binne mooi op'e tiid, sadat wy earst it doarp Ezinge besjen kinne. Wy binne hjir oars wol earder west, mar doe wenne myn broer der noch en dat is al in mooi ein tebek. Wy rûzje dat omtrint op 1970 mar dat kin ek earder as letter west ha... Nei in hapke bôlle doarre wy it oan (der stiet in hurde en roetekâlde wyn út it noardwesten) de stap te nimmen om op de wierde de tsjerketoer te besjen. Hjir wat foto's: Op it hôf fan de "wierdetsjerke"  mei yn'e fierte ...

Reedriden 1

Afbeelding
  1956 Ljouwert, Prinsetún : Seis jier bin ik. Sa no en dan op’e skouders fan ûs heit. It wachtsjen is op de finish. De earste wedstriidriders  fan de Alvestêdentocht komme der oan. It binne Jan van der Hoorn, Aad de Koning, Jeen Nauta, Maus Wijnhout & Anton Verhoeven . Mei de hânnen omheech komme sy tagelyk oer de streep. De spulrigels jouwe oan dat dit sa net mei. Mar dochs, foar my binne sy de helden fan dizze tocht!   As bern koe ik al gau aardich reedride.  Bij de hoeke Röntgenstraat /Robert Kochstraat, tsjinoer myn legere skoalle ( de Juliana van Stolbergschool ), wie in feartsje en geskikt om der te learen ús earste streken op it iis te setten. Doe noch op houtsjes fansels. Ik koe al ridlik gau selstannich op dy houtsjes út de fuotten. Reedriden waard fan no ôf oan myn sport! De iiskoarts krige mij doe al yn’e besnijing. En net allinnich as der iis lei. Nee, ik liis yn’e krante oer Henk van der Grift en lústere ek nei de radio. En ik makke in...