Oer Taal

Oer taal. Heit, kin men sizze, wie in soarte fan “djip-frysk”. Berne yn it skûtsje De Goede Verwachting oan de kade fan Âldegea (W). Fan jongs ôf wie it Frysk syn memmetaal. Yn syn lettere jierren wie hy warber yn de Fryske kultuur. Mei “syn” taal binne wy grut brocht. Ús mem kaam fan Snits en sy wie it “Sneekers” machtich en dat like wer o sa op it Liwwadders dat wy dan wer yn Ljouwert op strjitte sprutsen . Om de sirkel no daliks mar rûn te meitsjen: op skoalle en yn tsjerke wie it Nederlânsk de fiertaal. Van alle markten thuis dus! Sa no en dan wie it ek wol wer wat yngewikkeld hear. Der wie ien regel (dat fielden wy sa oan): As heit der by is, dan is it Frysk de fiertaal ! Wy skammen der ús sa no en dan ek wolris foar. Bygelyks as wy (de iene suster en de oare broers) yn tsjerke út it frysk lieteboek sjonge moasten, wylst de gemeente de tekst út “het liedboek” songen. Sa ek yn Grins yn in restaurant tsjin de kelner :”ik wol wol in kop sop!”. Wat zegt u, wie d...